30 reaksjes fakatuere wethâlder

29 mrt 2006 - 09:54

De PvdA-fraksje yn Ljouwert hat 30 reaksjes krigen op de fakatuere foar wethâlder. De PvdA hat al twa wethâlders: Marga Waanders en Roel Sluiter. Om't de PvdA in soad sitten wûn hat by de ôfrûne riedsferkiezings, krijt de partij der in tredde wethâlder by.

It is foar it earst dat der op dizze wize in wethâlder socht wurdt. Dat is mooglik sûnt it dualisme. Der wurde fiif kandidaten útnoege foar in petear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)