'30 persint krijt gryp'

15 jul 2009 - 19:04
  • De sikehuzen hâlde rekken mei ekstra drokte

Hast ien op de trije Friezen krijt dit neijier de Meksikaanske gryp. Dat is it senario dêr't de sikehuzen yn Noard-Nederlân rekken mei hâlde. Goed twa persint sil der sa min oan ta wêze dat se yn it sikehûs telâne komme. Dat binne goed 12.000 friezen. Derom binne de sikehuzen no drok dwaande mei it nimmen fan maatregels. Benammen op de intensive care-ôfdielings wurdt ekstra drokte ferwachte.

Om dy ekstra drokte oan te kinnen wurde oare operaasjes mooglik útsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)