30-kilometersône yn Harns

24 feb 2003 - 00:00

Yn de wyk Oosterpark yn Harns wurdt moandei in 30-kilometersône ynfierd. De lêste jierren binne yn dizze grutste wenwyk fan Harns al yngeande oanpassings dien oan de belangrykste strjitten.

De gemeente hie de 30-kilometerbuorden al earder pleatse wold, mar troch de froast yn de grûn slagge dat net. Uteinlik wol it gemeentebestjoer yn alle wenwiken yn Harns, Mullum en Winaam 30-kilometersônes ynstelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)