30 juny lêste dei strippekaart

22 jun 2011 - 21:05

Reizgers kinne fan 1 july ôf yn Fryslân de strippekaart net mear brûke. De Twadde Keamer is akkoart gien mei it foarstel fan de minister om de strippekaart ôf te skaffen. Yn hast alle provinsjes kin yn it iepenbier ferfier dan allinnich noch reizge wurde mei de OV-chipkaart.

De provinsje is bliid dat der no in ein komt oan de ûndúdlikheid. Ek hopet deputearre Kramer dat der no in ein komt oan it minne imago fan de OV-chipkaart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)