30 jier topklups yn Bûtenpost

03 jul 2014 - 22:32
  • Johan Cruijf mei Barcelona op besite yn Bûtenpost yn 1989

It is yntusken tradysje wurden: de oefenwedstriid fan Bûtenpost tsjin in grutte profklup. Ajax, PSV, Valencia, SC Hearrenfean en Barcelona hawwe de ôfrûne 30 jier allegear alris op besite west. SC Hearrenfean hie tongersdeitejûn in jubileum: de profklup stie foar de tsiende kear op it gers fan 'De Blauwkes'.

Mar njonken alle grutte nammen dy't der al west hawwe, hat it bestjoer fan Bûtenpost noch hieltyd wat winsken. Sa soenen se hiel graach nochris spylje wolle tsjin Manchester United of in grutte klup út Dútslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)