30 jier ballonfeesten De Jouwer: spesjaal konsert

12 jul 2015 - 15:01

De ballonfeesten op De Jouwer besteane dit jier 30 jier en dêrom jout de band Motel Westcoast ûnder lieding fan Syb van der Ploeg in spesjaal konsert. Dat fynt plak op de iepeningsjûn op woansdei. Op de sneons is der in spesjaal jierdeisfeest mei de grutste stoarmbaan fan Nederlân, in Lego bouwedstriid en ferskate spultsjes.

Ferneamd binne fierder de 'special shapes', luchtballonnen yn bysûndere foarmen. Dit jier dogge ûnder oaren in Woody Woodpecker, horloazje, want en in pykje mei. De ballonfeesten binne op 22 oant en mei 26 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)