30% huzen Esonstêd ferkocht

20 aug 2006 - 12:43

Mear as 30 persint fan de fakânsjehuzen yn de útwreidingsfaze fan fakânsjepark Esonstêd by Eastmahorn binne al ferkocht. It giet om de saneamde terpwenten. Dat binne frijsteande fakânsjehuzen.

Mei inoar wurde dêr 106 fan boud op twa skiereilannen. De earste huzen wurde dizze simmer oplevere. It folsleine projekt, ynklusief in njoggen holes golfbaan, wurdt yn de maityd fan 2008 oplevere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)