30 boetes by frachtweinkontrôle

07 mrt 2003 - 00:00

De plysje hat tongersdei hast tritich boetes útdield by in grutte kontrôle op frachtweinen oan de A32. Mei-inoar waarden 250 weinen oan 'e kant set.

Trije bestjoerders krigen in bon om't se in wapen by har hiene, dêrûnder in dolkmes. Trije oaren krigen proses om't se te folle alkohol op hiene. Tweintich bestjoerders krigen in boete om't se gjin rydbewiis by har hiene of om't de apk net yn oarder wie. Oan de aksje diene 70 plysjes mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)