3 tips nei Opsporing Verzocht

11 okt 2006 - 11:43

Nei de útstjoering fan it programma Opsporing Verzocht oer de ferkrêfting fan in 16-jierrich famke op it Piratefestival by Surhústerfean, hat de plysje trije tips krigen. Op 21 april waard it famke út Fryskepeallen troch in Fryskpratende jonge yn in groppe op it festivalterrein misbrûkt.

De dieder hat blond stikeltsjeshier en hie in swart Umbro-trui oan. Fan de tips binne yn elk gefal twa goed brûkber, sa meldt de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)