3-talige spultsjes op skoalle

04 apr 2011 - 15:30

Learlingen fan basisskoalle de Arke yn Wurdum hawwe as iennichsten spultsjes om boartsjendewei Hollânsk, Frysk en Ingelsk te learen. Pabo-studinten fan de Stenden-hegeskoalle yn Ljouwert ha allerhande spultsjes betocht lykas in spesjaal soart trijetalich Triviant.

Neffens de skoalle binne der wol lesmetoades om bern de talen by te brengen, mar dêrnêst is der net in soad materiaal te krijen. Foar de Pabo-studinten is it in stúdzjeopdracht dêr't se moannen oan wurke hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)