3 Nominearren hurdfytspriis

20 apr 2007 - 10:39

De hurdfytsers Jan Brander (Oerterp), Gerwin van Dam (Ljouwert) en Jurjen Sweering (Snits) binne nominearre foar de Gonnie Brouwer Wurdearringspriis. De priis is foar in aktive Fryske hurdfytser dy't in bydrage levere hat oan de hurdfytssport.

De priis is ferneamd nei sportfrou Gonnie Brouwer út Mantgum. Se is yn 1995 ferstoarn. Se hat in soad betsjutten foar it hurdfytsen. De priis wurdt takom wike sneon útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)