3 nominaasjes ûndernimmer 2003

27 feb 2004 - 00:00

De bedriuwen Hamilton Bright BV fan Snits, Hoekstra Suwâld en Vriesco International fan Ljouwert binne nominearre foar de ferkiezing fan Fryske Undernimmer fan't jier 2003. Der wiene meiinoar 47 oanmeldings.

Hamilton Bright ûntwikkelt kommersjele formules foar de retailsektor. Vriesco International makket en ferkeapet gerdinen en fitraazjes, Hoekstra Suwâld makket sinne-enerzjysintrales. De winner wurdt op 13 april bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)