3 Minsken ferwûne by botsing

01 mrt 2009 - 15:33

By in oanriding op de provinsjale dyk, de N381 by Appelskea, binne sneontejûn trije minsken ferwûne rekke. In autobestjoerder (73) fan Oerterp dy't yn de rjochting fan Easterwâlde ried, hold net stil foar it reade stopljocht.

Dêrtroch kaam er op de krusing yn botsing mei de auto fan in man (50) fan IJsselstein dy't út de rjochting fan Appelskea kaam. De 50-jierrige, syn 28-jierrige passazjiere en har 2-jierrich soantsje binne ferwûne oerbrocht nei it sikehûs fan Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)