3 Miljeufreonlike gemeenten

17 feb 2010 - 11:12

De gemeenten Boalsert, Ljouwert en Tytsjerksteradiel meitsje yn Fryslân kâns op it winnen fan de titel fan miljeufreonlikste gemeente. Dat ha de mienskiplike miljeufederaasjes yn Nederlân bekend makke.

Op 1 maart wurdt bekend makke hokker fan de trije it wurdt. Dêrby wurdt sjoen watfoar gemeente it bêste miljeubelied hat. Ek yn de oare provinsjes binne trije gemeenten nominearre foar de titel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)