3 miljeu-organisaasjes lilk

07 apr 2004 - 00:00

It ministearje fan Ferkear en Wettersteat jout in ferkeard sinjaal ôf. Dat fine trije miljeu-organisaasjes as it giet om de plannen foar it fersinken fan de Assi Eurolink. It skip soe earst burgen wurde, mar it ministearje fûn de offertes fan de bergers dochs wat te heech.

It skip wurdt no fersonken. De miljeu-organisaasjes driigje no nei de rjochter te stappen. It wrak leit al mear as in jier yn it far boppe Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)