3 manlju oppakt foar stellerij

04 feb 2013 - 10:21
  • Oanhâlden

De plysje hat moandeitemoarn betiid trije minsken oppakt foar stellerij. It giet om in jonge (17) út Drachten, in man (23) sûnder fêst wenplak en in man (24) fan Haulerwyk. Surveillearjende plysjes hiene in tip krigen dat der mooglik stellen waard by in winkel oan de Merk.

Se seagen om fiif oere hinne trije manlju dy't oer it stek fan de winkel klommen en bôlen meinamen dy't dêr bûten yn in rek leine. De trije fertochten binne oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)