3 manlju oanhâlden foar dieverij

03 sep 2003 - 00:00

De plysje hat tiisdeitemiddei yn Burgum trije manlju oanhâlden foar it stellen fan fjouwer digitale kamera's. By kontrôle fan har auto fûn de plysje de kamera's dêr't de priiskaartsjes noch oansieten.

De manlju seinen dat de kamera's kocht wiene, mar der waard ek in preparearre tas fûn dêr't guod mei stellen wurdt. It giet om in Burgumer (22), in ynwenner fan Stadskanaal (19) en in Rotterdammer (23).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)