3 jier sel foar museumdirekteur

23 jul 2004 - 13:26

De eardere direkteur fan Streekmuseum Opsterlân is tongersdeitemiddei feroardield ta trije jier finzenisstraf, wêrfan ien jier ûnder betingst. De man krijt de straf fanwege stellerij en heling.

De rjochter woe de man net de fjouwer jier oplizze dy't easke wiene. Twa oare fertochten krigen 2 en 2,5 jier sel oplein. In tredde fertochte krige in straf dy't gelyk wie oan de tiid dat er yn foararrest siet. Hy is no frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)