3 jier sel easke tsjin Harnzer

05 mrt 2010 - 14:38

In 33-jierrige Harnzer is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta trije jier sel wêrfan't in heal jier ûnder betingst. De man hat ein ferline jier in plysjefrou yn Ljouwert mishannele. De Harnzer, dy't kickbokser is, reagearre agressyf doe't er oanhâlden waard.

De aginte is troch him yn it gesicht slein en rekke dêrtroch út de tiid. Se kaam hurd op de dyk telâne. Neffens de rjochtbank is besykjen ta deaslach net bewiisd, swiere mishanneling wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)