3 jier sel easke Hynsteman

01 jul 2014 - 11:15
  • It fee yn Stynsgea wurdt ophelle

It Iepenbier Ministearje hat moandei trije jier sel easke tsjin in man út Stynsgea. Hy wurdt fertocht fan wapenbesit en bedriging fan plysjeminsken. Yn 2012 waard er oanholden, omdat syn bisten slim fertutearze wiene. Hy bedrige de plysjes mei in masinegewear. De man stiet bekend as De Hynsteman.

It IM wol de man no trije jier de sel yn hawwe, wêrfan ien jier ûnder betingst. Hy moat ek in proeftyd krije fan twa jier. Dêrneist easke it IM dat de Stynsgeaster him behannelje en begeliede lit. De útspraak is oer twa wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)