3 ferwûnen by ûngelok Akkrum

24 jul 2010 - 13:39
  • It plak fan it ûngelok, krekt nei de botsing (foto: Anton Kappers, nieuwsuitfriesland.nl)

By in oanriding op 'e Ljouwerterdyk yn Akkrum binne freedtejûn trije minsken ferwûne rekke. It giet om in man (37) út Hardenberg, in man (48) út Nijmegen en syn soantsje fan sân. Troch noch ûnbekende oarsaak botste de auto fan de ynwenner fan Hardenberg frontaal op dy fan de ynwenner fan Nijmegen.

Alle trije ynsittenden binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It jonkje rekke ferwûne oan de holle. Syn heit bruts in finger, wylst de man út Nijmegen in pynlike nekke oprûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)