3-daagse foar Bergsma en Sterk

27 feb 2010 - 23:49
  • Jorrit Bergsma
  • Maria Sterk (foto's: KNSB)

Jorrit Bergsma is einwinner fan de maraton trijedaagse wurden. De tredde en lêste maraton yn Hoorn waard in spektakel. Fiif riders pakten trije rûntsjes op it peloton. Ralf Zwitser wûn foar Willem Hut en Kurt Wubben. Jorrit Bergsma, nasjonaal kampioen op natueriis, waard fiifde en dat wie genôch. Bergsma hie earder Breda wûn.

By de froulju ek in Fryske einwinner: Maria Sterk fan Hallum. De nasjonaal kampioene op natueriis waard yn Hoorn achter Mariska Huisman twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)