3-0 winst foar Jong Hearrenfean

01 feb 2005 - 17:24

De fuotballers fan Jong Hearrenfean ha moandei mei 3-0 wûn fan Jong Heracles. Victor Sikora tekene foar de 1-0 en 2-0. Sikora komt werom fan in blessure en koe de hiele wedstryd meispylje. It tredde doelpunt waard makke troch Jerrel Wolfgang.

Jong Hearrenfean stiet no op it sânde plak yn de beloftekompetysje, mei 20 punten út 14 wedstriden. Jong Ajax giet oan kop, Jong Feyenoord is twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)