3-0 ferlies Drachtster Boys

17 mrt 2012 - 16:55
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys hat op eigen fjild mei 3-0 ferlern fan Nunspeet. De nûmer lêst kaam yn de 22e minút op efterstân. Dat wie ek de stân by it skoft. Nei de rêst wienen it opnij de gasten út Nunspeet dy't it fizier op skerp hienen. Nei de fertsjinne 2-0 yn de 62e minút, seagen de taskôgers ynfaller Stefan Bouw tekenjen foar de einstân. Drachtster Boys is al wis fan degradaasje út de haadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)