2e priis MBO-er Ellen Grondijs

09 okt 2014 - 19:34
  • De Friese Poort oan de Anne Wadmanwei yn Ljouwert

Studinte Ellen Grondijs (19) fan de Friese Poort yn Drachten is twadde wurden yn de race om de titel MBO-útblinker fan 2014. De titel gie nei Cassandra Winkels van ROC A12. Ellen Grondijs wie ien fan de njoggen finalisten dy't tongersdei yn Den Bosch striden om de titel. Ellen is studinte fotografy en is troch har dosinten nominearre om't se in hiele goeie staazje rûn hat by it fotoblêd Zoom.nl. Dêr hat se njonken fotografy ek fideos yntroduseard. En dat wie in grut sukses.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)