2e DNA-Twittersprekoere

24 sep 2012 - 17:56

It twadde Twittersprekoere fan de plysje oer it grutte DNA-ferwantskipsûndersyk yn de saak Vaatstra hat moandeitejûn mar sân reaksjes opsmiten. By it earste twittersprekoere fan ferline wike tongersdei wiene dat der noch 22.

It sprekoere wie benammen bedoeld foar minsken dy't útnoege binne om mei te dwaan oan it grutte ûndersyk. Ien fan de fragen wie oft ek minsken dy't net útnoege binne DNA jaan meie. It antwurd fan de plysje wie dat dat net kin, it ûndersyk is allinnich foar de manlju dy't in útnoeging krigen hawwe.

Dizze wike binne der ek noch trije ynrinjûnen yn Bûtenpost, Kollum en De Westereen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)