2de Keamer foar weryndieling

20 apr 2010 - 16:42

In romme mearderheid fan de Twadde Keamer hat tiisdei ynstimd mei de weryndieling yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Dat besjut dat de gearfoeging fan de gemeenten Wûnseradiel, Boalsert, Snits, Wymbritseradiel en Nijefurd wer in stap tichterby is. Allinnich de PVV, SP en de Partij voor de Dieren stimden tsjin de weryndieling.

It foarstel moat no noch nei de Earste Keamer. Nei ferwachting bart dat noch foar it simmerreses.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)