Fytser ferwûne by botsing

23 okt 2013 - 11:36
  • Plysje-embleem

In 78-jierrige fytser út Noardwâlde is tiisdeitemiddei ferwûne rekke yn syn wenplak. Hy joech op de krusing op de Nieuwstraat gjin foarrang oan in automobilist dy't fan rjochts kaam. De bestjoerder dêrfan, in 55-jierrige ynwenner fan Noardwâlde, koe in botsing net tefoaren komme. De fytser rekke ferwûne oan it skonk en is mei de ambulânse ôffierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)