Winkels Kelders wer iepen

De ûndernimmers op de Kelders yn Ljouwert besykje it deistich libben opnij op te pakken. Mar dat giet dreech. De Kelders binne ôfset en der is noch hieltyd sprake fan ramptoerisme.
De winkels en hoarekagelegenheden binne wer iepen, mar de klandyzje is lang noch net op it âlde peil. De ûndernimmers ha plannen om de winkels op de Kelders ûnder de oandacht fan it publyk te bringen troch bygelyks in webside op ynternet. It probleem is dat de winkelstrjitte net mear goed tagonklik is.
Restaurant 'By ús' sil tongersdei wer iepen, mar op in soad klanten hoege se noch net te hoopjen. De brân hat grutte yndruk op eigener Douwe van der Lei makke.