Besite Opstelten 'wichtich'

22 okt 2013 - 21:56

De brânwacht is tige te sprekken oer de besite fan minister Ivo Opstelten. Dat sei boargemaster Crone tiisdeitejûn nei ôfrin. Opstelten besocht earst it rampgebiet op de Kelders en lústere yn it stêdhûs nei de ferhalen fan de helpferlieners. Hy wie ûnder de yndruk fan de prestaasjes.

Neffens boargemaster Crone wie de besite wichtich foar it ferwurkingsproses fan de blusgasten. Se koenen harren ferhalen kwyt, krigen respekt en wurdearring foar harren wurk. Se sitte der noch hieltyd mei dat se Idsart Otte net rêde koenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)