Staking grutmetaal foarby
Fakbûn FNV hat in akkoart sletten mei de wurkjouwers yn de grutmetaalsektor. De 150.000 wurknimmers krije 4,2 prosint mear lean. Jongeren oant 23 jier krije dêr noch trije prosint boppe-op.
Sûnt 20 septimber hawwe de fakbûn en de wurknimmers aksjefierd foar in bettere cao. Moandei waard noch staakt yn ûnder oaren Snits.