Tal fan plysjes wer misledige

29 jan 2012 - 14:23

Op ferskate plakken yn Fryslân is de plysje dit wykein misledige. In Snitser (27) skold de aginten út doe't se him bekeurden foar wyldpisjen oan de Skilwyk yn Boalsert. In Rottefalster (21) begûn yn Drachten te skellen nei't er út in saak set wie om't er ferfelend wie. In Snitser (16) bedrige samar twa plysjes mei de dea yn it sintrum fan Snits. In Marrumer (25) pisse mei opsetsin tsjin in plysjewein oan dy't op de Nijstêd yn Ljouwert stie.

Trefwurden: 
plysje mislediging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)