Medisinen kwyt yn Drachten

De plysje warskôget op boargernet foar gefaarlike medisinen dy't yn Drachten by in ynbraak út in auto stellen binne. It giet om de slieptabletten en kalmearingspillen Zopiclon, Alprazolam en Effexor. De trije doaskes mei pillen sitte yn in brune skoudertas. By ferkeard gebrûk binne dizze medisinen gefaarlik. Wa't de pillen weromfynt, wurdt frege de plysje te beljen. Ek is in tatoeaazjeset mei inket stellen út de auto.