Tsien skeaclaims troch brân

22 okt 2013 - 14:56

Oant no ta binne der tsien claims binnenkaam fan omwenners dy't skea oprûn hawwe by de brân oan De Kelders yn Ljouwert. Dat seit Bert Rensen fan fersekerder Achmea. Elkenien krijt in ekspert tawiisd, dy't helpe sil mei de yndividuele helpfragen. Wat de totale skea fan de brân is, kin Achmea noch net sizze. De fersekerder is op dit stuit drok dwaande mei de ynventarisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)