Earste bewenners kinne werom

De earste bewenners fan de omlizzende huzen fan de ôfbaarnde gebouwen yn Ljouwert kinne tiisdei werom nei hûs. It giet om wenten oan de Poststrjitte, de achterkant fan De Kelders. Dêr wenje benammen studinten. Gemeentemeiwurkers binne drok mei it lizzen fan strjitstiennen.
Yn fergelyk mei de ôfrûne dagen is it tiisdei frij rêstich om de útbaarnde wenten hinne. Wol komme der noch in soad fragen fan dupearren. Sy wolle witte wannear't se wer yn harren wente kinne. Oan in stek hingje blommen foar it omkommen slachtoffer.