Nürnberg presintearret Verbeek

Gertjan Verbeek út Jobbegea is tiisdei presintearre as nije trainer fan FC Nürnberg. Hy jout dan syn earste training. Verbeek sil no freed foar it earst op de bank sitte yn de útwedstriid tsjin VFB-Stuttgart. Verbeek waard ein septimber oan 'e kant set troch AZ. Yn Dútslân wurdt er de opfolger fan Michael Wiesinger, dy't ek dien krigen hat. Nei alle gedachten tekenet Verbeek in kontrakt fan 1,5 jier. Assistint-trainer wurdt Raymond Libregts.
Nürnberg stiet mei ûnderoan yn de Bundesliga. Fan de njoggen westriden hawwe se noch gjinien wûn.