Mear wanbetellers hypoteek

22 okt 2013 - 12:18

It tal minsken mei in eigen wente dat de hypoteekkosten net beteljen kin en it hûs yn de ferkeap sette moat, nimt yn Fryslân ek ta. Dat seit foarsitter Albrecht Kok fan makelersferiening NVM Fryslân yn reaksje op nije sifers fan it Bureau Krediet Registratie (BKR). It ôfrûne healjier is it tal hûsbesitters dat it dreech hat om de hypoteekkosten te beteljen lanlik mei 10.000 tanaam. Dat dat tal wer tanaam is, fernuveret Kok fan de NVM net.

Lanlik kinne 91.000 wenningbesitters de hypoteek net mear betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)