Tsjûkemarmoard foar rjochter

De 41-jierrige fertochte yn de Tsjûkemarmoard bliuwt foarearst fêstsitten. Dat die tiisdei bliken op de proformasitting yn Ljouwert. It slachtoffer waard op 20 juny fêstbûn en ferbaarnd fûn by parkearplak Ulesprong oan de Tsjûkemar. In 41-jierrige winkelman út Amsterdam en syn soan fan 17 jier binne fertochte yn de saak. De heit moast tiisdei foarkomme.
De rjochter hat grutte beswieren tsjin de frijlitting fan de man. Bloedspoaren fan it slachtoffer binne fûn yn syn winkel. Boppedat wie syn telefoan yn Fryslân op de jûn fan de brân.
Yn de saak wurdt ek noch in Roemeen socht. Syn DNA-spoaren binne oantroffen yn de lienauto fan it slachtoffer. De 17-jierrige twadde fertochte, de soan fan de winkelman, bliuwt ek fêst sitten. Syn saak waard tiisdei achter sletten doarren behannele.