A-ware keapet praktykskoalle

De A-ware Food Group nimt de eardere lânboupraktykskoalle yn Oentsjerk oer. It bedriuw wol dêr nij personiel foar it tsiisfabryk op It Hearrenfean opliede. Der komt ek in laboratoarium dêr't tsiis ûndersocht en ûntwikkele wurdt en it sil brûkt wurde om klanten sjen te litten hoe't it produksjeproses ferrint.
Op it terrein sil gewoan buorke wurde. Ferline jier waard de praktykskoalle oernaam troch in boer út Ie. Hy buorke dêr sels en ferhierde in part oan it eardere PTC. A-ware sil dy ôfspraken respektearje.