Verbeek trainer FC Nürnberg

21 okt 2013 - 19:23

Gertjan Verbeek út Jobbegea wurdt de nije trainer fan FC Nürnberg. Dat hat de Dútske klup befestige. De âld-coach fan AZ, SC Hearrenfean, Heracles Almelo en Feyenoord wurdt tiisdei presintearre. Dêrnei jout er syn earste training.

It is noch ûndúdlik foar hoe lang Verbeek in kontrakt krijt, mar neffens Dútske media giet it om in oerienkomst foar 2,5 jier. Verbeek soe boppedat syn eigen assistint meinimme meie. Nürnberg stiet op it 16e plak yn de Bundesliga.

Verbeek waard ein septimber oan 'e kant set troch AZ. Yn Dútslân wurdt er de opfolger fan Michael Wiesinge dy't ek dien krigen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)