Flak nei ferhuzing evakuearre

Foar guon bewenners yn it troch brân troffen gebiet yn de Ljouwerter binnenstêd wie de sitewaasje hast te bizar foar wurden. Richard Kop en Sieta de Vries ferhuzen ôfrûne sneon nei De Kelders. In pear oeren nei it útpakken fan de ferhúsdoazen begûn de grutte brân, mar in pear huzen fierderop.
It appartemint fan Richard en Sieta bleau sparre, mar se binne geweldich skrokken fan de grutte brân.