Brown's Ynferno ek yn it Frysk

21 okt 2013 - 16:31
  • Dan Brown's Inferno: meikoarten ek yn it Frysk

It boek Inferno fan de Amerikaanske skriuwer Dan Brown wurdt yn it Frysk oerset as 'Ynferno'. Brown komt yn jannewaris foar it earst nei Nederlân. Hy sil ûnder oare in besite bringe oan de show It Faderpaard en de jierlikse Hynstekeuring yn Fryslân. De skriuwer is grut fan fan Fryske hynders. Yn it boek Inferno komt de haadpersoan Robert Langdon ek Fryske hynders tsjin.

It boek wurdt oerset troch Abe de Vries. In hiele put, want it giet om in boek fan 500 siden. De útjouwerij sil 10.000 eksimplaren printsje litte fan de Fryske Ynferno.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)