Tsjûgen brân melde harren

21 okt 2013 - 16:01

Twa wichtige tsjûgen fan de grutte brân yn Ljouwert fan sneontejûn hawwe harren meld by de plysje. De man en frou wiene yn de winkel oan de Kelders doe't de brân útbruts. Fierder hat de plysje al tsientallen tips oer de brân krigen. De forensyske resjerzje docht moandei ûndersyk op it plak fan de brân. As dat klear is, wurde de wenten oerdroegen oan de gemeente.

De brânwacht en de gemeente beslute dan tegearre oft en wannear't de bewenners werom kinne nei harren wenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)