40e Strontrace los yn Warkum

21 okt 2013 - 15:52

De Strontrace en de Beurtveer: foar de 40ste kear giene se moandeitemiddei los yn Warkum. Mear as 50 klassike fracht-sylskippen sochten ûnder grutte publike belangstelling it 'romme sop'. Foar de Strontrace sile de skippen mei droege stront nei Warmond om dêrwei dan werom te silen mei blombollen.

De iepening kaam foar rekken fan deputearre Sytske Poepjes yn oparbeidzjen mei boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân. Poepjes en Apotheker diene dat sjongend. Mar, folslein yn de tradyzje, kaam it startsignaal fan Reid de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)