Finnbogason lottet Kroäsië

Alfreð Finnbogason © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Hearrenfean-oanfaller Alfred Finnbogason sil it mei it nasjonaal alvetal fan syn heitelân Yslân yn de play-offs opnimme tsjin Kroäsië. Yn dizze wedstriid striidt Yslân foar in plakje op it WK yn Brazilië. It lân hat noch nea sa ticht by WK-kwalifikaasje west. De play-offs bestiet út in twalûk, wêryn't beide lannen it twa kear tsjininoar opnimme.