Drachtster oppakt by sikehûs

21 okt 2013 - 14:15

In 29-jierrige man út Drachten is sneintejûn oanholden by sikehûs Nij Smellinghe. De man fernielde mei syn ynvalidekarre in doar fan in wachtkeamer troch der tsjinoan te riden. Doe't de befeiliging him dêrop oanspruts, bedrige en sloech er in meiwurker. Ek ried er de befeiliger tsjin de skonken. De plysje hat de man meinaam. De Drachtster hie al in tagongsferbod foar it sikehûs nei't er earder ek foar oerlêst soarge hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)