Stenden betinkt Otte moandei

21 okt 2013 - 14:10

By Hegeskoalle Stenden yn Ljouwert wurdt nije wike moandei in betinkingsbyienkomst hâlden foar de 24-jierrige Idsart Otte. Otte wie studint op de oplieding Media en Entertainment Management fan Stenden. Hy kaam sneon om by de grutte brân yn it sintrum fan Ljouwert. De betinkingsbyienkomst wurdt pas nije wike hâlden omdat it dizze wike hjerstfakânsje is.

De skoalle is dizze wike wol iepen om minsken dy't help nedich ha op it heinen. Dat jildt benammen foar de groep studinten dy't troch de brân persoanlik troffen is.

Sa binne der tusken de 15 en 20 studinten dy't yn de apparteminten wennen, dy't ferlern gien binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)