Meeter krijt dien as skipper

21 okt 2013 - 13:21

Skûtsjeskipper Johannes Meeter hat dien krigen as skipper fan it Lemster Skûtsje. Meeter naam yn 2008 it roer oer fan Ale Zwerver. By de oanstelling waard ôfsprutsen dat de gearwurking foar in perioade fan fiif jier wêze soe. Doelstelling wie mei te dwaan yn de top fan it klassemint, mei as kroan op it wurk it SKS-kampioenskip. Dizze doelstelling is lykwols net helle.

It bestjoer fan it Lemster Skûtsje hat dêrom besletten de oanstelling fan Meeter net te ferlingen. It bestjoer hat him betanke foar syn ynset, entûsjasme en belutsenens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)