Blommen foar brânslachtoffer
By de ôfsetstekken op de Kelders yn de Ljouwerter binnenstêd wurde sûnt moandeitemoarn blommen dellein ta neitins fan Idsart Otte, de 24-jierrige man dy't sneontejûn by de brân omkaam. In soad minsken komme nei it sintrum om te sjen hoe't de útbaarnde pannen der by steane. Benammen jongerein hinget blommen oan de stekken dêr't it gebiet mei ôfset is.
By Stenden Hegeskoalle hinget de flagge healstôk. Idsart Otte studearre oan Stenden. De hegeskoalle is fan doel de studint nije wike moandei te betinken.