Amper mokselsied yn Waadsee

De mokselfiskers meie de kommende winter gjin mokselsied opfiskje. Dat hat de organisaasje fan mokselfiskers yn Yerseke besletten. Der is op dit stuit amper mokselsied yn de Waadsee, omdat it opfretten of fuortstreamd is. Dat docht bliken út ûndersyk fan it ministearje fan EZ, Lânbou en Ynnovaasje.
It beslút hat gjin gefolgen foar de mokselopbringst fan it kommende jier. De konsumint sil der net safolle fan fernimme, omdat der op dit stuit mear as genôch moksels yn de Waadsee binne.